fryskdamjen

Taeke Kooistra op ‘en nij damkampioen

ALDEGEA (SWF) – It wie sneon yn Aldegea (SWF) al wer foar de 15de kear dat Taeke Kooistra (Hartwert) it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen op syn namme skreau. Lykwols, sa ferklearre de kampioen, “it ferfeelt noait”. En al miende Kooistra ek dat er yn dit kampioenskip it gelok wol wat oan syn kant hân hie, dêr bliek sneon tsjin de nûmers twa en trije fan ferline jier net safolle fan. Yn ‘e sechsde omloop waard Arumer Tsjerk Wijbinga al ferslein, en de wize sa’t Kooistra yn ‘e lêste omloop yn in trije om trije troch in slûchslim setsje tsjin Marten Walinga (Waaksens) it kampioenskip definityf feilich stelde, brocht de hannen fan ‘e taskôgers opinoar.

It matige damjen fan Walinga en Wijbinga foel dit jier miskien noch wol it measte op. Beiden degradearje sels. Promovendus Sjoerd Jan Bakker kaam ek op twa punten út, mar in heger SB-sifer hold him yn de heechste klasse, ek al ferlear de Snitser yn ‘e lêste omloop fan mei-promovendus Siebe Walinga (Aldegea SWF). De Jutriper Folkert Groenveld hie yn dit kampioenskip in minne start, mar in machtige einsprint besoarge him úteinliks dochs noch it twadde plak.

Yn ‘e twadde acht promovearje good-old Augustinus van der Goot (Snits) en Henk Haanstra (Drylts). Fan beiden is dat in geweldige prestaasje. Fan Van der Goot, omdat de jierren dochs wol begjinne te tellen, en fan Haanstra omdat er binnen in pear jier wer op it heechste nivo weromkomt. Haanstra akseptearre yn syn lêste partij in remize-oanbod fan Jouke Algra (Itens). Soks is, mei foar beiden noch sân houtsjes op it boerd, yn it Frysk damjen net gebrûklik, dat dêr waard troch guon oare spilers noch wol wat oer prottele.

Yn ‘e tredde acht promovearje de beide jonge spilers Foeke Tiemensma (Frjentsjer) en Pieter Hoogterp. Yn in streekrjocht duel kaam Hoogterp yn ‘e lêste omloop noch op likense hichte, en troch hegere SB-punten mocht er sels noch de earste priis mei nei De Gaastmar ta nimme.

Utslaggen en einstannen persoanlik kampioenskip Frysk damjen

Aldegea (SWF), 6de en 7de omloop.

Kampioensklasse, sechsde omloop: Tjerk Wijbinga (Arum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0; Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Stoffel Bouma (Easterein) 0-1.
Sande omloop: Kooistra – M. Walinga 1-0; Wiersma – Wijbinga 1-0; Bouma – Groenveld 0-1; Bakker – S. Walinga 0-1.
Einstân: Kooistra 6, Groenveld 5, Wiersma 4,5, Bouma 3,5, S. Walinga 3, S.J. Bakker 2 (20,5), M. Walinga 2 (10), Wijbinga 2 (8).

Twadde acht, sechsde omloop: K. Tijssen (Reduzum) – Sj. Couperus (Snits) 0,5-0,5; Cor Kooistra (Nijlân) – J. Algra (Itens) 0-1; H. Haanstra (Drylts) – Germ Terpstra (Easterein) 0,5-0,5.
Sande omloop: Couperus – Van der Goot 0-1; Terpstra – Kooistra 1-0; Algra – Haanstra 0,5-0,5.
Eindstân: Van der Goot 5, Haanstra 4,5, Couperus 4, Tijssen 3, Terpstra 2,5, Algra 1,5, Kooistra 0,5.

Tredde acht, sechsde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) – Jappie de Jong (Blauhús) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Harry Postma (Skearnegoutum) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 0-1; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0.
Sande omloop: De Jong – Wiersma 0-1; Postma – Hoekstra 0-1; Dijkstra – Van der Meer 0-1; Tiemensma – Hoogterp 0-1.
Einstân: Hoogterp 5,5 (34,5), Tiemensma 5,5 (29,5), Van der Meer 4,5 (24), Wiersma 4,5 (23,5), Dijkstra 3,5, De Jong 3, Hoekstra 1,5, Postma 0.

Artikel geplaatst door Rynk Bosma op 20-02-12 09:33.

Gerelateerd nieuws

Actueel nieuws

Blijf overal op de hoogte Volg Wijd en Zijd via:
Advertentie
advertentie
Advertentie